“De Fryske Boerepream” Sylkompetysje 2018 kin los!
Mei in moaie opjefte fan 13 preammen: it wurd wer gesellich drok op de startline.
Wat hat der dizze winter efter de skermen plakfûn?
Binne de preammen ynsmard mei super-ielfet, om it flak noch glêder te krijen?
Wat wis is, dat ien pream op de kop lein hat, en it flak moai strak yn in nij feltsje setten hat.
Wat ek wis is, dat der nije seilen oanskaft binne.
Binne sy op tiid klear, om it nije doek der goed foar te krijen?
As jo hawwe beide dyn: de pream langer makke, én in nij túch oanskaft!
Miskien in nije bemanning, died fol spanning útsjocht nei de start fan de earste wedstriid op Wâldsein. De bookmakers sille it hjir net maklik mei krije.
Jammer, dat pream nûmer 4 “Nije Kimen” fan Fedde Mulder dit jier der net by is. In ferneamde pream died mei foaroan sylde. Der stiet tsjinoer, it weromkommen yn de kompetysje fan pream nûmer 54 “Warber”, fan Dominecus Reekers mei Marten Postma oan it roer: sukses!
Wa hellet de kampioen fan foarich jier 2017, skipper Wiebe van der Pol yn pream 44,
de “Reidplúm” fan Jentsje Jonker, fan harren heechste plak ôf?
Hy sil der sels alles oan dwaan wolle om foar de twadde kear mei foaroan te einigjen!
Trouwens: soe Jentsje syn fakânsje wol op de goede datum setten hawwe?
Wa hâld de grutste stiiger fan 2017 tsjin, winnaar fan de “Zwaga Bokaal”:
skipper-eigner Peter de Koe mei nûmer 39, de “Gepke”.
De oaren, skippers en bemanningen, litte dit fansels net samar ta:
seker net nei san geweldige Prolooch op de Hegemer Mar,
en dus giet in ploech fan ûngefear 80 frouen en mannen dizze striid oan!
Soe elts it wedstriidreglemint goed trochlêzen ha? (link)
Elts folle sukses en in moaie kompetysje tawinske!
Wa binne dizze skippers?
- Pream nûmer 8: Henk Regts mei de “Swarte Swan”
- Pream nûmer 9: Klaas Postma mei “de Onderneming”
- Pream nûmer 10: Ygram Ykema mei “Diggelfjoer”
- Pream nûmer 22: Sjouke Kalsbeek mei “Sijmen Durk”
- Pream nûmer 29: Henk Stekelenburg mei “Gerrit Ultjes”
- Pream nûmer 33: Erik Jansma mei de “Lege Geaen”
- Pream nûmer 35: Gerben Gerbrandy mei de “Sietse”.
- Pream nûmer 39: Peter de Koe mei de “Gepke”
- Pream nûmer 44: Wiebe van der Pol mei de “Reidplúm”
- Pream nûmer 45: Jildou Tjoelker mei de “Jolanda”
- Pream nûmer 47: Errit de Jong mei de “Útrinner”
- Pream nûmer 54: Marten Postma mei “Warber”
- Pream nûmer 56: Sietse Bruinsma mei “de Dominee”