Ferslach fan de sylwedstriden fan de Fryske Boerepream te Aldegea SWF.

Op sneon en snein 26-27 juny 2021.

Dêr wie it dan safier, it earste syl-wykein nei oardel jier.
Wâldsein ein maeie wie te gau, mar no koene we los.

Nei in palaver mei in bakje kofje yn it doarpshûs ‘It Joo’, leine we om 10.25 oere foar de start op de Aldegeaster Brekken. Der diene 9 preammen mei, súfer wat ûnwennich nei sa ’n lange tiid, mar it gie goed! It wie prachtich waar, mar hast wat te min wyn, in lyts koeltsje út it noarden.

Sjouke Kalsbeek die goeie saken, hij fersloech de 44 mei Wiebe van der Pol op de finisch mei in meterke. Sjouke en syn mannen hiene de 22 oan ‘e praat, trije kear die sneons in earste plakje en Wiebe trije kear twadde.

Nei it skoft ha we allegearre de gaffel efkes sakje litten as earbetoan oan Peter de Koe, dy’t ús ferline hjerst ûntfallen is.

Hjir nei wie de wyn ek op, nei allegeare wyntsjes út ferskate hoeken, koe der efkes net sylt wurde, mar trije oere soe de wyn komme en tsien foar trijen begjinne de wynmounen om ús hinne wer te draaien.

De kommisje hie de boeien wer te plak. We ha noch twa prachtiche wedstriden sylt mei wynkracht 3-4, dan giet it ynienen wer hurd, en hjir en dêr wat oanfarringen en in roer stikke.

In protest tsjin de Boereswel fan de Jolanda, beide preamen út Earnewâld.
De Swel hat it ferlern, it heard der allegear bij.

Nei dizze moaie syldei koene we noch efkes neiprate yn it doarpshûs, wêr’t wij ek in miel iten krije koen, it wie wer gesellich, foar it earst wer bijprate!

Sneintemoarn 10 oere wer los, in moai preamwyntsje, noch twa flotte wedstriden.
De komisje hie it goed foar elkoar.

Wer sylden Sjouke en syn mannen foar oan en Wiebe van der Pol wer twadde.
Dizze kear laei der in ”gate” baan yn, je koene twa kanten op, om wer bij de boppeste tonne te kommen. Pream “de Onderneming” stjoerd troch klaas Postma en de “Diggelfjoer” fan Ygram Ykema sylden no ek foaryn. It wurd spannend, folop stried, in moai gesicht!
Tolve oere wie it gebeurd en de punten wurde optelt.

Hjirnei gau de priisútrikking, want der wie om seis oere fuotbaljen en Aldegea leit wat yn it úthoeke, dat jo binne samar net wer thús.
Efternei besjoen wie it in fuotbalwedstriid fan neat, en se lizze der út

As earste eindige:
–  1.  Sjouke Kalsbeek
–  2.  Wiebe van der Pol
–  3.  Ygram Ykema

De folsleine útslach stiet op ús webside.
We kinne weromsjen op in prachtich wykein,
mei prima waer en in ferassende útslach.

In preamsiler.

 

Omrop Fryslân –  De Fryske boerepream koe wer kompetysjesile yn it jubileumjier 2021