U kunt of het verslag downloaden of het verslag op de website  doorlezen.

-> Ledenvergadering 1 febr 2017 <-

-> Extra Ledenfergadering 14 dec 2017 <-

 

Ledegearkomste De FryskeBoerepream op 1-2-2017    8 oere yn Heechhûs yn Heeg.

1/ Iepening, Jack vd Berg iepent om 8 oere de gearkomste.

Oanwêzig, 27 leden-stipers-mjitters-  [Presinsjelist allegearre tekene?]

Ofmelding fan ,Dominicus Reekers en Eric Jansma.

2/  Foar de gearkomste gjin ynkommen stikken

3/ Ferslag foarige gearkomst;  Is tastjoerd en wurd nei in pear tekstuele [tikfout] oanpassings goedkard.

4/ Finansjeel ferslag; wurd útdield ; Ygram docht útliz oer fin.saken, we steane wat yn de min troch dat ien en oar djoerder wurden is, foaral de wedstriden mei resquie boaten ensf.

Terherne is djûr i.f.m. kofje en gebak en e kit ôfhieren fan de Buorkerij by de priisútrikking kost it ien en oar.

Net betelle konsumpsjes by palaver yn Wâldsein foar leden binne troch de klub  betelle €190,00]

Ien en oar kin goedkeaper en wurd kommend jier oan wurke.

Fedde Mulder merkt op dat it by palaver melden wurde moat dat kunsumpsjes foar eigen rekken binne.

Symon vd Meulen fynt dat nije ynkommende leden ek wol in soarte fan start bedrag betelje kinne, hjir is gjin steun foar[drompel moat net heeg wêze]

De inning fan kontrebusje dy.t yn 2016 yn gien moatten hie wurd no dit jier ynfierd.

De kaskommisje,Symon vd Meulen, docht ferslag en seit dat alles fjirder goed foarelkoar is.

5/ Begrutting en oare opmerkings;1- De kosten fan in keuring is €50,- en wurd ek yn rekken brocht

2-Per pream moatte eigenlik minimaal 4 bemanningsleden stiper wêze,fan de stipers moat ek email adres bekend wêze.

3- Yn de takomst miskyn romte foar sponsering fan de klub.

6/ Kontrebúsje-   Kontrebúsje no is €10,-stipers en €60,- leden en €60,- foar wedstriden,

Foarstel is om oar jier foar wedstriden €75,- te freegjen.

7/ Orizjinaliteit foarskriften;  1-  It ferlengen fan in pream mei/kin boppe de 11 meter

Wurd dan in oare klasse en kriget in nr. boppe de 50.

2/ in elektrysk pompke [12 v]foar it eazjen is tastien.[9 foar en 3 tsjin]

3/ Akkolade oan de swurden wurd net tastien,besteande kin bliuwe.

Sjoch bylage 1 en art.2 fan de klassefoarskriften.

8/  Skoft

9/ Handycap formule; Marten de Boer docht útliz oer in ferbettere mjit metoade.dit i.f.m. lytsere preamen dy’t yn it âlde systeem te swier belêste wurde.

Dizze nije manier en ferfijning fan mjitten wurd troch elkenien goed ûntfongen en sil yn de takamst sa earst ek brûkt wurde.

Opmerking fan Peter de Koe om alle preamen in kear yn in kraan te weagjen is bêst mar we wolle stap foar stap en nimme ,ien en oar meinimme nei de evaluaasjegearkomste  nei it seizoen.

10/ Wedstrydreglementen;  Bliuwt sa as no neffens it boekje fan KNWV mei evt. oanvullings as dat noadig is

11/  Nije Sylpream; Hjir is kontakt mei west en we wolle yn de takomst mear meielkoar organiseare.

No wolle we  earst de “proloog” tegearre dwaan yn Terherne op 6 maeije.Under lieding fan Nije Sylpream.

12/  Datum wedstriden;  6 Maaije Proloog  Terherne

13-14 Maaije  Wâldsein

17-18 juni    Aldegea

22 juli    Slag om Aldegea-[iel]

3 sept     Merkesilen Terherne

23-24 sept Terherne  [finale]

13/  Bistjoers ferkiezings; Marten de Boer is ôftredend en net wer beskikber, Jaap Faber fan de pream fan Jentsje Jonker wurd beneamd as nij bestjoerslid.

Marten wurd betanke foar al syn wurk en ynset foar de feriening.

Ygram Ykema is ôftredend en wer beskikber en wer ynhierd foar in periode.

Foar de funksje siktaris moat nog ien beneamd wurde .Jack freget oan elke pream om evt. in kandidaat te sykjenen/of te leverjen?

De funksje fan penningmeester ,no Ygram Ykema en Fedde Mulder, wurd oernommen troch

Jan Slotboom.Ek de website wurd troch Jan byhâlden, oernommen fan Marten de Boer.

Peter Tolsma sil de orizjinaliteitsfoarskriften beheare en sil sa as mjitter/behearder ek faker by bestjoers gearkomsten oanwêzig wêze.

P.R wurd wer dien troch Joke vd Zwaag.

14/ Oanbringwedstriid Strontrace; Jan Slotboom presenteard in nije opset,

Syle mei maximaal 4 bemanningen/ ôfhinklik fan de wyn,links of rjochtsom en finish yn Warkum op gaadlik plak/ mear publike belangstelling en ek mear dielnimmers,op syn minst 6 preamen ,en dielname moat yn Wâldsein bekend wêze.

Jan sil de leden hjir yntiids oer maile.

15/  Bekendheid fan de klub;  Hjir moat mear omtinken foar komme, mear promote en evt. yn kombinaasje mei sponsering.Fryske BoerePream mei de NijeSylpream?

Nei de wedstriden mear meielkoar en mear geselligheid der by!

Wedstrydferslaggen oanleverje oan Joke en ditb wer op de site en kranten ensf, ensf

Bistjoer sil ek foarstellen dwaan om ien en oar te ferbetterjen

16/  Omfraag; By de leden bin gjin fragen

Jan Slotboom hellet oan dat Jack yn it bestjoer in drege en dûbele funksje hat,foasitter en skriuwer. Hjirfoar applaus.

Ofskie nimmend bestjoerslid Marten de Boer seit nog dat Heine Deelstra ek achter dizze fernijde mjit en rekken metoade stiet.Fjirder winsket hy de feriening alle goeds foar de takomst en seit dat we wol yné gaten hâlde moatte dat it silen in sport en spul is en hâld it gesellig!

17/  Om 10.45 slut de foarsitter de gearkomste

 

Extra Ledengearkomste FryskeBoerepream  14-12-2017

Gebouw WSH yn Heech

Oanwêzich,28 bestjoer/leden/stipers/skippers/klassekontroleurs.

Jack iepent gearkomste,dit kear gjin evaluaasjegearkomste mar in ledengearkomste y.f.m.mooglik beslútfoarming ferskillende punten,foar it kommende seizoen.

Jack hat foarôfgeand oan dizze gearkomste ien en oar yn bylagen oan alle leden tastjoerd mei ferskillende punten en opsjes wer’t eltsenien syn ynbring/foarstel oanjaan koe, hjir wie útsein fan Peter Tolsma net ien reaksje op kaam.

2/ De finansjele situaasje is troch feroaring fan penningmeester wat achterop rekke.Jan Slotboom freget dan ek oan elkenien om safolle as mooglik mei automatyske ôfskriuwing te regeljen.

3/De website is ek nog net foarelkoar y.f.m.in ferâldere systeem,dit sil mei kundige hulp sa gau as mooglik oplost wurde

De útslaggen fan dit jier wurde per mail tastjoerd.

4/ Ynkommen stik fan Geart Pekema mei de fraag om de mooglikheid te ûndersykjen om de P en I fersekering kolektief te regeljen[feriening]

P en I fersekering is nedig as je mei betelle gasten farre.

Sille hjir nei ynformere.

5/ Data byienkomsten en wedstriden

21 jan         Nijjiersresepsje yn kafé De Buorren yn Twellingea

14 maart    Ledengearkomste + útliz wedstrydregels

28 april       Proloog

5 en 6      maaije Wâldsein

25 en 26  maaije  Turfrace mei skûtsje/preamen/drachten- K H 2018-

23 en 24 juni       Aldegea

30  juni          Grutste sloep/[pream] konsert fan NL eilân Heech  K H  2018

28 juli             Aldegea ielsilerij/ynhaal wedstryd.

8/9  of 15/16  sept  Terherne

Hjerstfakânsje   oanbring strontrace?

 

Wa docht mei oan Kulturele Haadstêd 2018 evenementen?

1e Turfrace Drachten

2e Grutste sloepenkonsert Rakkenpôlle Heech.

 

6/Oanpassingoriginaliteits formule.

Marten de Boer leit ien en oar mei sheets út.

Doel is om alle preamen yn útslaggen tichter byelkoar te krijen,mar moat ienfâldig en net te djoer wurde.

Net ferjitte dat der 33% skip,33%,bemanning,33%taktiek by komt te sjen.

We gean troch mei de gewogen gewichten,ek al ontrint it metten en it weagjen elkoar sa goed as neat

Yn de nije formule wurd berekkene op gewicht en opperflakte.

S vd Meulen seit dat de SKS ek al oan it neitinken is oer dizze situaasje,wachtsje dat ôf,

Wy wolle it simpel hâlde en net djoer.

Errit de Jong is foar gewogen gewicht ,dan bin je wis en witte we it goed.

Peter de Koe is foar it setten fan merktekens op djipte lizzing,dit is te kontrolearen.

S Bruinsma fynt dat it gewicht net broekt wurde moat foar trimmen.

Aldegea;is in sleepproef ek te besykjen?= is te djoer en te moeilijk

S vd Meulen, jou elke earstepriiswinner 50kg ballast,[ giet t k f 33% skip/bemanning/taktiek?]Kin as foarstel ynbrocht wurde yn in ledengearkomste.

7/ Kop/Kont fan de pream.

Yn it ferline binne der ferskillende preamen yn de kop en flak feroare, en hoe geane we der mei om.

Peter Tolsma leit ien en oar út,en wol de meast ynnommen en behelle koppen en konten opmjitte en sa ta in gemiddelde kopbolling komme dy.t we fêststelle kinne

Ek it flak fan de preamen fêststelle y.f.m.knikken ensf.

S vd Meulen meld dat der troch de jierren al in soad feroare is oan preamen en skûtsjes.

P de Koe fynt dat we no der in streep ûnder sette moatte en yn de takomst dúdlik foar de orizjinaliteit geane en ek handhavenje.

Ien en oar wurd fjirder útwurke en meinommen yn de jiergearkomste yn maart 2018.

8/ Wy stelle fêst dat ,by restauraasje fan de pream moat de plaatdikte minimaal 4 mm wêze

9/ Kontroleurs sille it kommende seizoen ekstra lette op [keunstof]blokken en fallen ensf.

10/ Wy farre it kommende seizoen wer mei it reglement fan de KNWV[wyte boekje]Eltsenien is dan lid fan in wettersportferiening.

11/ Evaluaasjepunten kontroleurs;1e Eltsenien moat op tiid foar de wâl lizze  foar kontrôle sadat der tiid genôch is foar kontrôlles 2e Moat by kontrôle op syn minst ien! bemanningslid fan de pream oanwêzig wêze .3e Seilnrs /anker/boei/folle ehbo doaze ensf.moatte yn it sicht lizze.4e Tufnolblokken op swurdlopers en fokkeskoat is tastien,alle oaren moatte hout of mei hout/jachtleer beplakt wêze.5e Anker moat op syn minst10 kg weagje.6e – By per kontrôle konstatearde gebreken hat de skipper oan’t de start de tiid om ien en oar oan te passen,sa net dan is útslúten fan de wedstryd in mooglikheid.

De kommisje kin of it ien of oar sels bepale.

 

 

12/ Omfraag   1 – Peter de Koe freget wer as it beskreaun stiet dat de gruttere preamen meisile yn de selfde klasse,-Dit is fêststeld yn ien fan de foarige ledengearkomsten[notulen] yn it begjin fan de feriening.

2 – Jan Slotboom freget nogris omtinken foar email adressen en de automatyske ynkasso.

13/Om healwei 11 slút Jack de gearkomste,winsket eltsenien goede kryst en jierwiksel en oan’t sjen op de nijjiersbyienkomst yn kafé De Buorren yn Twellingea, 21 janewaris.

 

Ane de Jong