Weromsjen nei de ’Oanbring-Stront-race troch pream Diggelfjoer’
De Strontrace 2023 mei as jubileum 50 jier, leit al wer refter ús.
Foarhinne hawwe de Fryske Boerepreammen ek al ris ‘oanbrocht’ yn in wiere race fanút Nijesyl, oer Boalsert nei Warkum: dat wie yn 2013 en 2015.
No soe it wer barre, mar de waarsomstannigheden wie de spyl-brekker!
Skipper Ygram fan pream Diggelfjoer út Sanfurd fûn dat der ‘strie-stront’ nei Warkum moast.
Hy stuts mei in reef deryn fan wal, om fanút Âldegea mei ‘strie-stront’ en opstappers de skûtsjes fan fracht te fersjen.
Ygram en syn bemanning hiene der dus in moaie koelte by, en de pream lei as in ingeltsje op it roer, en makke sa it begjin fan de 50e Strontrace mooglik:
“sûnder strie-stront gjin ….”
In oersicht fan de sylreis fan de Diggelfjoer nei Warkum,
en de ferpakte ‘strie-stront’ kinne jimme hjirûnder besjen.