Nei de priisútrikking wie der noch in ferrassing… de Jolanda waard útroppen as Pream fan it jier mei syn bemanning.
De motivaasje fan de jury wie:
De bemanning is altyd op skik, is ek by alle eveneminten en nimme de dei goed mei!!
De syl-prestaasjes komme wol, want se sparje foar in nij túch.
Hjirnei folget it ferslach van Ygram…..
Op sneon 22 july is de Slach om Aldegea SWF wer fersylt. In freonskiplike wedstriid foar Fryske Boerepreammen dy’t al foar de 15e kear hâlden waard.
De nije laske preammen hawwe ek wol ris mei dien. Sûnt jierren starte der op dizze dei ek larken en lytse bm-ers.
Dit jier kamen der 8 preammen oan de start, 18 larken en 4 lytse bm-ers.
In mar fol âlde boaten, wat in prachtich gesicht, mei skitterjend syl waar.
De earste wedstriid wie foar Klaas Postma mei “de Onderneming”
De 2e wedstriid kaam de “Warber” fan Dominicus Reekers as earste oer de streep, in opstekker foar Dominicus en syn mannen, want se sile net mear mei yn it Frysk Kampioenskip.
De 3e wedstriid wie foar Klaas Postma, einliks omdat de “Sytse” en de “Nije Kimen” de sylbaan net goed yn e kop hiene, de lus fan de Olympyske baan, waard efkes fergetten.
Oplette mannen!!
De 4e wedstriid kaam de “Sytse” mei Gerben Gerbrandy as 1ste oer de streep (hij hie wat rjocht te setten).
Nei fjouwer wedstriiden kaam as winner út de bus, de pream fan Simon van der Meulen mei as skipper Klaas Postma.
2de Dominicus Reekers mei de “Warber” mei skipper Overwijk
3de de “Sytse” fan Tjeerd Bakker mei skipper Gerben Gerbrandy.
Dan wiene der 3 preammen mei 19 punten: de “Gerrit Ultsjes” hie de meast hegere plakjes besyld en dertroch 4de.
“Diggelfjoer” 5de en “Nije Kimen” 6de.
De “Gepke” 7de en de “Jolanda” 8ste.
As lark siler fan it jier waard Jappie de Haas útroppen.
De kommisje fan Aldegea hie de banen der goed yn lizzen, dit alles wie yn goede hannen fan wedstriid lieder Karel Heijnen en syn mannen.
Ek it terras oan it wetter foel yn e smaak, de minsken sieten nei te genietsjen fan in prachtige dei.
Allegearre glimmende reade kopkes, al soe dat ek wol ris komme kinne fan de rikke iel dy’t eltse dielnimmer kriget, nei ôfrin. Dit is tradysje yn Aldegea.
Fryslan op syn best.
Oant takom jier!